Gemeente Skylge weromfluite fanwege selspluktún

De gemeente Skylge moat opnij sjen nei in konflikt omtrint de bou fan in bedriuwswenning by in selspluktún op it eilân. Dat hat de Raad van State woansdei bepaald.
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Neffens de Raad van State is it noch te ûndúdlik oft de selspluktún in folslein agrarysk bedriuw is. Fierder moat de gemeenteried oantoane dat it pân absolút needsaaklik is foar de bedriuwsfiering fan de famylje Obendorfer.
Op basis fan de útkomsten fan dizze ûndersiken moat de gemeenteried opnij in beslút nimme oer it plan foar in bedriuwspân. De gemeente krijt rûchwei fiif moanne de tiid foar it ûndersyk en de beslútfoarming. Dêrnei moat it beslút trochstjoerd wurde nei de Raad van State en de beswiermakkers fan Ons Schellingerland.
De útspraak is in opstekker foar Ons Schellingerland. Dy fynt dat in bedriuwspân by de selspluktún net nedich is, en yn striid mei it Skylger en provinsjale belied foar nije wenningen yn bûtengebiet.