Verwisseling wint spannende Strontrace

23 okt 2019 - 11:32

It skûtsje Verwisseling is de winner wurden fan de Strontrace fan 2019. It skûtsje kaam woansdei oan de ein fan de moarn as earste oan yn Warkum. It twadde plak wie foar de Sterke Jerke, dy't in skoft lang oan kop lein hat, mar úteinlik belies jaan moast.

It like der in skoft op dat de Sterke Jerke de Strontrace fan dit jier op syn namme skriuwe koe, mar troch problemen by Amsterdam koe de Verwisseling in efterstân fan goed in kertier goedmeitsje.

In ûnbekend frachtskip dat troch de plysje by in Amsterdamse slûs tsjinhâlden waard, soarge derfoar dat de Verwisseling bykomme koe. En dat kaam foar de Verwisseling krekt op it goeie momint, want yn de grêften koene sy har sterke punt, it boomkjen, ynsette om dy efterstân om te bûgjen nei in foarsprong.

Foto: Omrop Fryslân

Nei in rêstperioade op it IJ ferpleatste de striid him nei de Iselmar, dêr wêr't de Sterke Jerke syn sterkste punt wer ynsette koe: it silen. Se pakten hjir in minút foarsprong op de direkte tsjinstanner, mar om't der by Enkhuizen opnij in slûs yn de rûte siet, koe de Verwisseling opnij langssiden komme.

Yn it lêste stik bleaune de beide konkurrinten ticht byinoar, mar koe de Verwisseling noch krekt in foarsprong kreëare en behâlde op de Sterke Jerke. It wie foar it earst dat it skûtsje Sterke Jerke meidie oan de Strontrace.

De edysje fan dit jier wie benammen swier om't der amper wyn stie. Hjirtroch wie de finish ek letter as earder ferwachte.

(advertinsje)
(advertinsje)