Fier: Besunigings binne bedriging foar útstapprogramma's prostituees

23 okt 2019 - 11:29

Fier en it Leger des Heils hawwe grutte noed oer froulju (en manlju) dy't de prostitúsje útstappe wolle. Dêrom dogge sy woansdei in skriftlike oprop oan de leden fan de Twadde Keamer om te waken oer de kwaliteit fan útstapprogramma's. It krimpende budzjet is nammentlik in bedriging foar dizze programma's.

Foto: ANP

It probleem spilet benammen yn Fryslân en Grinslân. Sawol Fier as it Leger des Heils sizze muoite te hawwen om de útstapprogramma's yn stân te hâlden. Dizze programma's wurde brûkt troch minsken dy't yn de seksyndustry wurkje, mar der graach mei ophâlde wolle. Dit is oer it algemien tige dreech, en it slagget minsken faak net om it hielendal allinnich foarinoar te krijen.

De ôfrûne twa jier is it budzjet twa kear safolle mindder wurden. Dit hat gefolgen foar bygelyks it tal feilige opfang- en behannelplakken. De lytsere budzjetten hawwe mooglik ek gefolgen foar it Ljouwerter stipe- en ynformaasjepunt foar prostituees Xenia.

Kabinet Rutte-3 seit lykwols dat it ynvestearje wol yn programma's om prostituees te helpen út it fak te stappen.

(advertinsje)
(advertinsje)