Rianne de Vries: "Motivaasje wie dizze simmer efkes minder"

Soms hawwe je in goeie tarieding, en guontiden wol it efkes net. Shorttrackster Rianne de Vries hie der dizze simmer mei te krijen. Lang om let blessuerefrij, mar dochs woe it net. "De motivaasje wie wat minder en it woe gewoan net." Yn de searje oer de sân Fryske shorttrackers dy't meidogge oan de earste twa wrâldbekers dit seizoen, woansdei diel trije mei Rianne de Vries.
Rianne de Vries
"De simmer koe wol better," begjint Rianne. "Ik hie net fuort sa iets fan: wow, dit giet lekker. Dat duorre echt efkes. De motivaasje wie minder en dat komt ek trochdat ik fyn dat der ek oare dingen binne as shorttrack. Je libje ek wolris yn in bubbel." En dat wylst se lang om let ris in simmer blessuere-frij wie. "Dus ik tocht ek, hè, einlik. Mar gelokkich giet it sûnt in pear wiken wer goed. Tink ik echt, it sit der oan te kommen. Ik tink no ek wer: Ik fyn it noch sa moai."
Rianne is troch har goeie prestaasjes fan ferline jier al wis dat se meidwaan mei oan de wrâldbekers. "Dat jout wol rêst. No kin ik my dwaande hâlde mei it riden en trainen." Ferline jier spile Rianne wer in grutte rol by de relay-ploech, mar prestearre se ek yndividueel knap. "Ik haw ferline jier in soad finales helle, mar ek in soad fjirde plakken. Ik wol dus dit seizoen faker op it poadium stean. En neffens my kin dat."
© Orange Pictures