Kollum: "Loftfytse en -farre"

23 okt 2019 - 08:35

"Wy wenje yn in frjemd lân. We bombardearje 70 boargers yn Syrië, en ek al hiene it soldaten west dan wie soks noch ferskriklik. Mar we hawwe mear drokte oer in boer dy't mei syn trekker krekt die as dat er in hynder oanried.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

We sizze dat we better om it klimaat tinke moatte, mar we arrestearje demonstranten dy't dat ek sizze.

We helje hjir race-auto's hinne op in snein, mar we wolle ek in autoleaze snein.

We sizze dat we tuike-tuike moatte mei fleantugen, mar ministers en de fuotballers sitte faker yn in fleantúch as yn Keamerbankjes en dugouts.

Sa soe ik noch wol in hiele lange list mei Nederlânske tsjinstellingen ophoastje kinne. Dêrby binne twa, dy moatte lykwols efkes ekstra omtinken hawwe. De farwei nei Drachten. En in spoarline by Drachten del.

Ta de stomme fernuvering fan elk leit de gemeente Smellingerlân fyftjin miljoen del foar in nije bredere en djippere farwei nei Drachten, sadat ek de 110 meter skippen dêr hinne kinne. Seis miljoen komt fan de fabriken, dêr't de skippen foar farre. Dat hawwe se der sa wer út, it fertsjinnet himsels wer werom as der gruttere skippen komme kinne. Ien fan de trije skippers dy't no nei Drachten fart giet lykwols dan fallyt.

De oare njoggen miljoen komt fan de gemeente Smellingerlân. Dêr witte se op it gemeentehûs net wat der yn de kassa leit. En as se it al witte, dan is it noch neat. Se komme ynkoarten ûnder finansjeel tafersjoch fan de provinsje. En dy wolle njoggen miljoen jaan. Ja, allegearre nullen op buordsjes en de deputearre der efter sette, dat koene se noch betelje. De rest fan de nullen bliuwt nul.

Ek sa'n moai drigemint: as de bedriuwen dy grutte farwei net krije, ferdwine se út Drachten. No, der is noch nea in ûndernimmer ferhuze as it him inkeld mar jild koste. Boppedat, as bliken docht dat in ynvestearring op in oar plak wol rendemint jout, soademiterje dan mar op. Dan hawwe je yn alle gefallen net de hiele befolking en natuer tusken Grou en Drachten yn de gerdinen.

Ik werken myn eigen wurden. Al sûnt de 60-er jierren wurdt der oer praten. Alle kearen wurdt it wer ôfsketten en alle kearen komme nije minsken der wer mei werom. Dat sa'n deputearre Fokkens earst net ris yn de skiednisboekjes lêst. Dan hie se witten dat al dy fergeze ûndersiken mear koste hawwe, as it dollen fan sa'n kanaal.

Ald-minister Harrie Langman, berne yn Akkrum, hy wenne letter yn Waskemar, is in pear jier lyn ferstoarn. Yn syn plan foar in nij ekonomysk elan foar it hiele Noarden, fan 1997, stie net in grutte farwei nei Drachten. Wol in trein fan It Hearrenfean oer Drachten nei Grins.

Grutte parten fan dat plan-Langman binne útfierd. De trein net. Ik sjoch noch Langman syn gesicht doe't it Noarden net foar in gewoane trein keas, mar foar in ekstravagante magneetsweefbaan. Langman mompele dat soks nea wat wurde soe, mar skreau it protteljend del, want it kabinet woe echt wol jild jaan doe. It wie trouwens gasjild, dus soks komt nea wer. Dêrnei, doe't yn 2007 de sweefbaan definityf de himel yngie, hat nea wer immen fan Langman heard. De knoarre jild is yn lytse ynvestearrinkjes opmakke, dêr murk net ien wat fan.

It wie al it safolste plan foar in spoarferbining. It is dêrnei ek noch wol in pear kear opbuorrele. Der binne al wer konkrete plannen, want al dy lju dy't no de CO2 út de loft helje wolle, sizze dat je tenei mei de trein op de fleanfjilden fan Lelystêd en Eelde komme kinne. En se treffe no wer nije bestjoerders, dy't krekt as Fokkens gjin skiedniskennis ha.

Yn in tiid dat we as mienskip ferrekte goed om ús hinne sjen moatte wat we noch wol en net dogge, om te besykjen dizze grûn ek noch wat foar ús pakesizzers te behâlden, is it dochs ûnlogysk om (wer) mei dit soarte grouwélige plannen tefoarskyn te kommen, wylst we it antwurd op allegearre wichtige oare fragen noch net iens hawwe. En neat oars dogge as hiel ynkonsekwint allegearre folslein tsjinstridige saken te dwaan.

En Drachten moat earst mar efkes goed mei himsels rêde."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)