Strontrace makket him op foar tige spannende finish

23 okt 2019 - 07:14

It liket in tige spannende finish te wurden by de Strontrace. Koprinner de Sterke Jerke moast syn grutte foarsprong tiisdeitejûn ynienen fuortjaan, nei't der ûnferwachte opûnthâld wie by in slûs yn Amsterdam. De Verwisseling koe fan dy fertraging profitearje, wêrtroch't no alles wer mooglik is.

Sterke Jerke strontrace skûtsje - Foto: Omrop Fryslân, Afke Boven

Harkje nei it liveferslach fan Afke Boven

Op it momint dat de Sterke Jerke tiisdeitejûn by de slûs oankaam hie it skip in kertier foarsprong op de Verwisseling. Mar om't in ûnbekend frachtskip de Amsterdamske grêften net yn mocht, moast alles wachtsje foar de slûs fan Amsterdam. Hjirtroch koe de Verwisseling it kertier wer goedmeitsje.

En dat kaam foar de Verwisseling krekt op it goeie momint, want yn de grêften koene sy har sterke punt, it boomkjen, ynsette om dy efterstân om te bûgjen nei in foarsprong. "Dat boomkjen hast krekt nedich yn Amsterdam", fertelt ferslachjouwer Afke Boven. "De Verwisseling kaam dy slûs út, en binnen no-time siet der in gat tusken harren en de Sterke Jerke, in gat fan sa'n acht minuten. En dat is wol hiel soer foar de Sterke Jerke."

Nei in rêstperioade op it IJ ferpleatste de striid him nei de Iselmar, dêr wêr't de Sterke Jerke har sterkste punt wer ynsette koe: it silen. "De Sterke Jerke leit no in minút foar, mar alles is noch mooglik, want by Enkhuzen moat der wer troch in slûs fearn wurde." De ferwachting is dat dit ek wer tagelyk barre sil.

De skippen wurde yn de rin fan de moarn, of yn it begjin fan de middei yn Warkum ferwachte.

(advertinsje)
(advertinsje)