Fuotbalklup SV Hielpen benaud foar besunigings gemeente

23 okt 2019 - 06:59

Argewaasje by fuotbalklup SV Hielpen oer mooglike besunigingen. Wie it in "slip of the tongue" of in ûnhandich foarbyld. By de klup witte se it net. De gemeente Súdwest Fryslân hat oanjûn guon sportakkommodaasjes ôfstjitte te wollen. As foarbyld waard de fuotbalklup út Hylpen neamd.

Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei in bydrage fan ferslachjouwer Willem de Vries

De gemeente soe fan it fjild en syn ûnderhâld ôf wolle. Dêr skrokken se by de klup bot fan, want se kinne op dit stuit net sels de kosten opbringe. Mar nei de útspraken bliuwt it stil oan de kant fan Súdwest-Fryslân. De gemeente wol neffens de klup net sizze wat se echt fan doel binne. Sawol fia mail as telefoanysk hawwe de fuotballers de gemeente om útlis frege, mar dy hâld de kiezzen op inoar. Dit soarget foar in protte ûnwissichheid by it bestjoer en de leden fan de klup, dêr't se der no wol serieus rekken mei hâlde dat de gemeente op harren fjild besunigje wol.

Net sûnder striid

Neffens Sjoerd Bokma, foarsitter fan de klup, kaam dit nijs totaal ûnferwachte, en lizze se harren net samar del by dizze mooglike besuniging. De lêste jierren is de klup aardich groeid, en hawwe se yntusken oer de hûndert leden, wêrfan't in grut part jeugd is.

Fusearje mei in oare klup sjogge se net sitten, want de measte leden hawwe al oanjûn mei de sport op te hâlden as it net mear yn Hylpen kin. Op 31 oktober is der in kommisjegearkomste oer dit ûnderwerp, wêrnei't op 14 novimber oer de begrutting stimd wurde sil.

Mochten de besunigingen trochgean dan komt der yn novimber in grut protest-sporttoernoai mei alderhande ferieningen dy't Hylpen stypje.

(advertinsje)
(advertinsje)