"Restauraasje toer Boalsert kin wol jier duorje"

De restauraasje fan de toer fan Boalsert kin wol ris in jier duorje. Dat seit projektlieder Sietse la Roi fan de gemeente Súdwest-Fryslân. En hoefolle de restauraasje kostje sil is noch lang net dúdlik, sa seit La Roi.
Restauraasje toer Boalsert kin wol jier duorje
Op dit stuit stiet de toer yn trije dielen by boubediuw Friso yn Snits. De dielen wurde ûndersocht om te sjen hoe grut de skea krekt is troch de bûnte kjifkrobbe. Dêrnei sil de toer út inoar helle wurde foar de restauraasje. It is in proses dat yn alle gefallen inkele moannen duorje sil, mar mooglik dus noch wol langer. Om de restuaraasje te bekostigjen sil besjoen wurde oft ek it Ryk en oare subsydzjejouwers noch byspringe kinne.
De toer stiet no yn Snits yn de steigers © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Twa foar de priis fan ien

It is in nuver gesicht om de toer fan Boalsert oan de Houkesleat yn Snits te sjen. En efkes fierderop stiet ek al de toer fan De Jouwer. In unike situaasje, sa seit ek oannimmer Hugo Landman, dy't beide tuorren oan it opknappen is: ''Ik tink net dat ik ea wer twa tuorren achter elkoar fan harren plak helje en opknappe mei.''
It ûndersyk nei hoe grut de skea is kin wol inkele wiken duorje. Dêrnei kin it echte wurk pas begjinne. ''We sille it hiele gefaarte út inoar helje moatte. Planken moatte los, balken moatte los. It wurdt gewoan ien grutte puzzel.''
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Belangstelling

De toer oan de kade krijt de nedige belangstelling. Alle dagen fytse der kloften minsken del om de toerdielen te besjen. De tuorren steane yn de bûtenloft om't der binnen net genôch romte is. Om de waarsynfloeden te beheinen wurdt der in soad tinte omhinne boud.
De hiele operaasje kostet in soad tiid, mar sa giet it noch altyd flotter en is it makliker as wannear't de toer gewoan op syn plak bleaun wie. "Je moatte dan alle kearen omheech en yn drege omstannichheden wurkje. Dat is hast net te dwaan en je kinne der gewoan net goed by." sa seit Landman. "En no hawwe we alles moai tichtby. Ek de wurkpleats is no om de hoeke, dat makket it allegearre in stik makliker."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Dat it wurk mooglik wol in jier duorret fynt La Roi net sa slim. ''Ik haw leaver dat we it yn ien kear goed dogge. It moat foar de kommene fyftich jier of langer gewoan wer yn oarder wêze."
Hoefolle de operaasje krekt kostje sil is noch net dúdlik. La Roi slút net út dat er nochris nei de gemeenteried moat foar ekstra jild. Ek sil besjoen wurde oft it ryk of oare subsydzjeferstrekkers meibetelje kinne.