Dweilorkest socht om Brabânske boeren Frysk folksliet te learen

De aksjefierders fan Farmers Defence Force binne op syk nei in Frysk dweilorkest. De boeren wolle it orkest ynsette yn Brabân, om de boeren dêr it Frysk folksliet by te bringen.
Fryske flagge yn Liempde © Omroep Brabant
De Brabanners binne dizze wike yn de ban fan Fryslân. Sa hingje der rûnom yn de provinsje Fryske flaggen oan de pleatsen. It hat te krijen mei it beslút fan deputearre Kramer om it stikstofbeslút werom te lûken yn Fryslân. Dit wolle de Brabanners ek, en dêrom fiele se har no mear Frysk as Brabânsk. Dêr heart dan ek it Frysk folksliet mei dweilorkest by, mar it falt net ta om der ien te finen, fertelt Jitty van der Werf fan Farmers Defence Force.
Van der Werf: "We sykje dus in dweilorkest dat it Frysk folksliet spylje kin en it soe noch moaier wêze as eventueel in sjonger dat spylje kin by it provinsjehûs yn Brabân. Dat soe natuerlik geweldich wêze." It dweilorkest moat beskikber wêze op 25 oktober om 11.00 oere. "Der komme ek allegearre trekkers wer op ôf en dêr wolle wy de Brabanners graach yn ûndersteune."

Noard-Hollân ek Frysk?

Farmers Defence Force is net allinnich dwaande mei ludike aksjes yn Noard-Brabân, ek yn Noard-Hollân dûkt de Fryske flagge yntusken op. Van der Werf wol dêr noch net al tefolle oer kwyt. "Wy geane dêr mei fierder, allinnich it wurdt wol in hiel ludike aksje dy't wy opsette sille."
Jitty van der Werf fan Farmers Defence Force