Wike selstraf foar Frjentsjerter dy't plysje mishannelet yn nachtopfang Ljouwert

22 okt 2019 - 22:21

Fanwegen it mishanneljen fan in plysje is in Frjentsjerter (30) tiisdei feroardiele ta in wike finzenisstraf. De man mishannele de plysje yn maart yn de nachtopfang yn Ljouwert, doe't er dêr net yn mocht.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Frjentsjerter woe by de nachtopfang nei binnen, mar dat mocht net omdat er by in eardere oernachting in wapen by him hie. Der ûntstie opskuor en dêr joech de man de oproppen plysje ferskate klappen.

Tsjin de man wie troch it Iepenbier Ministearje in finzenisstraf fan 114 dagen easke, de rjochter fûn in wike yn de sel rjocht dwaan oan de swierte fan it fergryp.

"De sleutels, ik moet een baby redden"

De man stie ek terjochte omdat er yn april yn Grins de foardoar fan in hûs yntrape hie en nei binnen gien wie. Fan de bot skrokken bewenners easke hy kaaien, omdat er nei eigen sizzen "'een baby moest redden".

Neidat er troch de oproppen plysje meinaam wie, waard er ûndersocht troch psychiaters. Dy konstatearren dat de man folslein ûntarekkenber wie. Om dy reden waard er troch de rjochtbank net feroardielde foar dit fergryp.

De man hat de opleine wike selstraf al yn foararrest útsitten. Fanwegen syn psychiatryske problematyk, wurdt er yntusken twongen behannele yn Frjentsjer.

(advertinsje)
(advertinsje)