Sandy Krijnen wol alvestêdetocht foar beheinden organisearje: "Ik gun het iedereen"

22 okt 2019 - 21:50

Nei de Alvestêdetocht op it iis, de Fytsalvestêdetocht, de Kuieralvestêdetocht en oare farianten is it de bedoeling dat der noch ien by komt: de saneamde Onbeperkte Elfstedentocht. Inisjatyfnimster Sandy Krijnen út Koarnwert wol takom jier in alvestêdetocht foar minsken mei in beheining organisearje. Tiisdei is se op de fyts begûn oan in ferkenningstocht by de rûte del.

Krijnen, har man Roel en harren hûn sille de ferkenningstocht yn fjouwer dagen fytse. De earste etappe gie tiisdei fan Ljouwert nei Sleat. De start wie by de Ljouwerter Elfstedenhal en dêr wiene ek minsken fan de Adviesraad Toegankelijkheid Fryslân by oanwêzich.

Mei de Onbeperkte Elfstedentocht wol Krijnen dat minsken, mei watfoar beheining dan ek, de kâns krije om de tocht ôf te lizzen. Dizze wike siket se út watfoar obstakels je tsjinkomme kinne, bygelyks brechjes, grintpaden en drompels. Krijnen wol mei de gemeenten oerlizze oft der wat dien wurde kin oan dy obstakels. In oare oplossing is de rûte ferlizze.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Krijnen krige yn 2009 de diagnoaze MS (multiple skleroaze) en yn 2012 kaam se yn in rolstoel telâne, se koe amper hûndert meter rinne. Se besleat har der net by del te lizzen en harsels in doel te stellen: it berikken fan de top fan de Mont Ventoux. Dat slagge op 10 juny 2018 nei in kilometerslange fytstocht, mei har hûn, fan Fryslân nei de berch yn Súd-Frankryk. "Nu is mijn ervaring, door dat doel blijf je in beweging en ben je dus in staat om je grenzen te verleggen. Dat is wat ik iedereen gun", seit se oer har motyf om de alvestêdetocht te organisearjen.

Multiple skleroaze, meastentiids ôfkoarte ta MS, is in oandwaning fan it sintrale senuwstelsel. MS komt faak foar by jongfolwoeksenen en mear by froulju as by manlju. De krekte oarsaak fan de sykte is net bekend. Medisy tinke dat it in auto-ymmúnoandwaning is.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Minsken mei in beheining of mei in fyts mei elektryske oandriuwing meie net meidwaan oan de Fytsalvestêdetocht. Krijnen wol de Onbeperkte Elfstedentocht tagonklik meitsje foar fytsers, mar ek foar minsken mei scootmobilen, rolstuollen, handbikes en tandems. "Ja, verzin het maar! Ik wil iedereen uitnodigen om mee te doen en dat is waarom we hem nu ook aan het verkennen zijn. Is het mogelijk om hem aangepast mee te doen?"

Krijnen hat de ôfrûne jierren har libbensstyl feroare en dêrtroch wist se de fuortgong fan har sykte tsjin te hâlden. "Ik heb de progressiviteit van de ziekte weten te keren. Ik heb mijn leefstijl zo aangepast, dat ik ben hersteld in plaats van dat ik achteruit ben gegaan." Se hat der in boek oer skreaun mei de titel 'Ik, mijn hond en MS', dat begin oktober lansearre waard.

As alles goed giet, wurdt de Onbeperkte Elfstedentocht yn septimber 2020 holden. Krijnen is te folgjen fia Facebook en har webside sandymoves.nl.

Ferslachjouwer Willem de Vries giet op ferkenningstocht mei Sandy Krijnen

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Sandy Krijnen yn Sleat

(advertinsje)
(advertinsje)