Wurkstraf foar Drachtster dy't pink fan BOA brutsen hat

22 okt 2019 - 20:57

In 52-jierrige Drachtster hat in wurkstraf fan 40 oeren en in skeafergoeding fan 500 euro oplein krigen, nei't er in pink fan in BOA (bûtengewoan opspoaringsamtner) brutsen hie.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De Drachtster wie it net iens mei it feit dat in foutparkearder op de Noordkade yn Drachten in boete krige. Neffens him krige in oar foar itselde fergryp allinnich mar in warskôging.

Dêrop raamde de Drachtster it rydbewiis fan de eigener fan de auto út de hannen fan de BOA. Der ûntstie in wrakseling wêrby't de Drachtster de pink fan de BOA bruts.

De offisier fan justysje easke in boete fan 1000 euro, mar de rjochter fûn dat wat te mâl, om't er ek al in skeafergoeding fan 500 euro tawiisd hie. "Anders loopt het wel erg in de papieren", sei de plysjerjochter, dy't der dêrom mar in wurkstraf fan makke.

Trefwurden: 
wurkstraf Drachtster BOA pink
(advertinsje)
(advertinsje)