Plysjeûndersyk op frachtskip soarget foar nije spanning yn Strontrace

In frachtskip dat fan de plysje om noch ûnbekende reden Amsterdam net yn mocht, hat foar nije spanning yn de Strontrace soarge. It plysjeûndersyk op it frachtskip yn de Nieuwe Meer Sluis duorre in skoft. Dêrtroch rekke de Sterke Jerke syn foarsprong fan hast in kertier op de Verwisseling kwyt.
© Omrop Fryslân, Afke Boven
Beide skûtsjes leinen oant ûngefear 21.00 oere foar de slûs te wachtsjen. Dêrnei moasten se tagelyk úteinsette mei it boomkjen troch Amsterdam. Sa gau as se op it IJ komme, moatte se ferplichte trije oeren rêste. Dêrnei liket de wyn oan te heljen en is de kâns grut dat se op seil fierder kinne rjochting Enkhuizen en dan troch nei Warkum.
De striid om de sulveren brijleppel, de priis dy't yn Warkum wachtet, is dus noch net foarby.