Strontrace-skûtsje Sterke Jerke as earste yn Warmond

22 okt 2019 - 18:11

It skûtsje Sterke Jerke is tiisdei as earste fan de strontracers oankaam op it kearpunt yn Warmond. Dat diene se mei fjirtjin minuten foarsprong op de nûmer twa, de Verwisseling.

Warmond is it plak dêr't de dielnimmers fan de Strontrace harren pûden dong ôfleverje moatte. Dat moat sa gau as mooglik, mar wol netsjes op it skilpaad op de wâl. As de lêste pûde fan board en op de wâl leit, klinkt der in toeter. Dan begjint ek de ferplichte oere rêst foar de bemanning en moat it skip oan de kant bliuwe.

Frachtbrieven tekenje

Yn de rêstoere wurde de frachtbrieven tekene en krijt de skipper in sek blombollen mei werom. Dy binne kweekt op de dong dy't ferline jier mei de Strontrace nei Warmond brocht is.

Foto: Omrop Fryslân, Afke Boven

It tekenjen fan de frachtbrieven bart yn de teekoepel fan Warmond. Yn it monumintale geboutsje waard tiisdei in spesjaal oantinken oan de Strontrace ûntbleate. Op it plafond steane no alle nammen fan bemanningen dy't ea mei de Strontrace as earste yn Warmond oankamen.

De ûntbleating waard dien troch boargemaster Carla Breuer fan de gemeente Teylingen en skipper Pieter Jilles Tjoelker fan de Sterke Jerke. Syn namme wurdt ynkoarten ek op it plafond skildere.

(advertinsje)
(advertinsje)