Twa Ljouwerters oppakt foar dieverij yn Drinte

22 okt 2019 - 17:47

De plysje hat moandeitemiddei twa manlju út Ljouwert oanhâlden op de N381 by Beilen yn Drinte. De twa Ljouwerters fan 19 en 27 jier âld wurde fertochte fan it stellen fan guod út in wenning yn Tiendeveen.

Foto: Omrop Fryslan

By de stellerij soene de manlju mooglik in fjoerwapen brûkt ha. Beide fertochten sitte noch fêst. De plysje hat de saak yn ûndersyk, om te achterheljen wat der krekt bard is. By de stellerij rekke net ien ferwûne.

(advertinsje)
(advertinsje)