FNP: "Provinsje moat rezjy nimme yn de PFAS-diskusje"

22 okt 2019 - 17:07

De steatefraksje fan de FNP wol dat de provinsje de rezjy krijt as it giet om de gemyske PFAS-stoffen yn Fryslân. Nei de stikstofkrisis, liket PFAS it folgjende pineholle-dossier te wurden foar de polityk. Benammen boubedriuwen fernimme de gefolgen fan de PFAS regeljouwing. Yn de ôfrûne jierren is dúdlik wurden dat de PFAS stoffen tige skealik binne.

Grûn en PFAS - Foto: ANP

PFAS is in sammelnamme foar in grutte groep giftige stoffen dy't sawat oeral yn Nederlân yn de grûn sitte. Se binne sa skealik dat it Ryk besletten hat dat boaiems dy't no skjin binne, net fersmoarge wurde meie mei grûn mei PFAS deryn. Dêrtroch sitte in soad Fryske bedriuwen op 't slot, seit de FNP. Se witte net wêr't se mei de smoarge grûn fan bouprojekten hinne moatte.

De FNP wol dat de provinsje der alles oan docht om mei gemeenten, wetterskip en bedriuwen te wurkjen oan in oplossing foar it PFAS-probleem. Sa moat der neffens de partij in mjitprogramma opset wurde, om in goed byld te krijen fan de situaasje mei PFAS yn ús provinsje. Op basis fan de resultaten fan dizze mjittingen soe dan belied makke wurde kinne, taspitst op yndividuele gebieten.

Trefwurden: 
FNP polityk PFAS
(advertinsje)
(advertinsje)