Hast tritich kultuerplannen tsjin iensumens yntsjinne by gemeente Ljouwert

De oprop om kultuerplannen tsjin iensumens yn te stjoeren by de gemeente Ljouwert, hat 29 inisjativen oplevere. Dat is bekend makke troch Over de Drempel, in projektgroep fan Ljouwert-Fryslân 2028 yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert.
Mear as túzen haakte tekkens © Omrop Fryslân
Begjin oktober makke de gemeente bekend 50.000 euro stekke te wollen yn twa grutte en fiif oant sân lytse projekten tsjin iensumens.

Iensumens sichtber meitsje

De oanfregers binne foar it grutste part kultuermakkers. De projekten rinne útien fan sawol grutte as foarm, ûnderfining as doelgroep. De kommende wike sil de foarseleksjekommisje har bûge oer de projekten.
Neffens artistyk koördinator Tamara Schoppert fan Over de Drempel sil it noch in hiele put wurde om sân projekten dêrút te kiezen. Schoppert is der fan ûnder de yndruk dat der hast tritich inisjativen yntsjinne binne. De projekten dy't útkeazen wurde, moatte iensumens sichtberder en draachliker meitsje.

Bekendmakking

Op 6 novimber wurdt bekend hokker projekten nominearre binne. Dêrnei bepaalt de seleksjekommisje hokker projekten in jildbedrach krije. De definitive plannen wurde op 30 novimber presintearre op it evenemint Over de Drempel. Dêr kinne de projekten noch in ekstra publyks- en sjuerypriis winne.