Govert Geldof fan SAM Waadhoeke stapt út polityk fanwege 'petteprobleem'

22 okt 2019 - 16:36

Fraksjefoarsitter Govert Geldof fan SAM Waadhoeke hâldt mei yngong fan 1 desimber op mei de gemeentepolityk. Dat hat er yn in brief witte litten oan boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke. Geldof hat yn Waadhoeke soarge foar it gearwurkingsferbân SAM fan PvdA, D66, GrienLinks en Werkgroep Het Bildt. By de ferkiezings helle de partij seis sitten yn de ried fan Waadhoeke.

Geldof is yn 2017 mei entûsjasme yn de riedspolityk stapt. Dat er der no al mei ophâldt, hat ferskillende redenen, mar in maklik beslút wie it net. "Het is wel een heel zware beslissing geweest. Ik heb er echt wel zes maanden mee geworsteld, als ik het zo op een rijtje zet, maar op een gegeven ogenblik hak je de knoop door."

"Petteproblemen"

Geldof fielt him as riedslid te folle in taskôger: "Terwijl ik in mijn hart deelnemer wil zijn", seit er. "Het gevolg is dat er vanwege mijn niet te temmen bemoeizucht pettenproblemen ontstaan."

Fraksjefoarsitter Govert Geldof fan SAM - Foto: Govert Geldof

In oar probleem is dat syn wurk as adviseur in soad tiid freget, krekt as it riedswurk. "In de periode vanaf de campagne tot aan nu is de tijdbalans tussen raad en werk niet goed geweest." Sa hie Geldof somtiden it idee dat hy sa faak op 'en paad wie, dat syn persoanlike libben derûnder te lijen hie. Geldof: "Ik heb het gevoel regelmatig met mijn vriendin een 'first date' gesprek te voeren."

De fraksje fan SAM Waadhoeke betreuret it fuortgean fan Geldof, mar hat respekt foar syn beslút.

Fraksjefoarsitter Govert Geldof fan SAM

(advertinsje)
(advertinsje)