Fisker krijt straf om rasistyske gjalpen op Skylge

In 28-jierrige fisker út Oudesluis yn Noard-Hollân is troch de rjochtbank feroardiele ta in wurkstraf fan 60 oeren om't er in frou rasistysk bejegene hie. Ek moat de man in skeafergoeding fan 1413 euro betelje, wêrfan 500 euro smertejild. Dit barde yn juny yn West-Skylge.
Rjochter © Shutterstock.com
De fisker siet mei syn kollega's op in terras yn West, doe't der in donkere frou delrûn. Se wie op wei nei har wurk yn in oare kroech, doe't de man har ûnder oare útmakke foar 'roetveegpiet'. De frou rûn troch, mar kaam werom mei immen dy't in foto makke fan it selskip op it terras. De fiskers giene dêrnei efter de fotograaf oan.
De 28-jierrige fertochte treau de frou tsjin de grûn. Hy en in twadde fertochte, in 48-jierrige man út Den Oever, seinen yn de rjochtbank dat se gjin rasistyske teksten roppen hiene.
De man út Den Oever waard frijsprutsen. It sinjalemint fan de man kaam net oerien mei dat fan in tsjûge.