Dútser krijt finzenisstraf ûnder betingst foar it stellen fan sloepen

22 okt 2019 - 14:55

In 53-jierrige ynwenner fan it Dútske Twist hat in finzenisstraf fan trije moanne ûnder betingst krigen foar it stellen fan in sloep en it trochferkeapjen fan in stellen sloep. De sloep waard yn 2013 stellen yn Grou.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De sloep dy't de Dútser trochferkocht, waard yn Emmen ynruile foar trije auto's. Dat de man in straf ûnder betingst krige, hat te krijen mei it feit dat de saak sa lang lizzen bleaun is. It Iepenbier Ministearje woe de saak yn 2015 al behannelje, mar om't de advokaat in tsjûge út Tailân hearre woe, duorre de ôfhanneling fan de saak úteinlik seis jier. De rjochtbank fûn in finzenisstraf nei sa'n tiid net mear passend.

Yn deselde saak is in oare fertochte, út Emmer-Compascuum, feroardiele ta 51 dagen sel, en seis moanne ûnder betingst. Dizze man wie belutsen by de stellerij fan yn totaal fiif sloepen.

Trefwurden: 
rjochtbank Grou sloepen
(advertinsje)
(advertinsje)