DJ Puri fan Snits skoart mei syn hit 11 miljoen views yn fjouwer dagen

DJ Puri fan Snits hat mei 'Naagin' in nije hit te pakken. Yn fjouwer dagen stiet de teller op YouTube al op mear as 11 miljoen views. De fans fan it ferske komme foaral út Yndia. Dêr is Akshe Puri, sa't der eins hjit, no drok oan it toeren om it nûmer te promoaten. Akshe hat Yndiaaske roots en is dêrom ekstra grutsk op it sukses yn dit lân.
DJ Puri © Omrop Fryslân
"Tige tank dat jim mei thús fiele litte yn myn memmelân Yndia", seit de artyst yn it Ingelsk op syn Instagram. De Snitser hat hieltyd mear sukses. Syn grutte trochbraak wie it nûmer Coño, dat no op Spotify allinnich al hast 60 miljoen kear beharke is. Mar ek hits as Huts en Palo hat der al op syn namme stean.