Sven Kramer: "Ik gean derfan út dat ik folgjend wykein helje"

Sven Kramer giet derfan út dat hy oer oardel wike op it iis stiet by it wrâldbeker-kwalifikaasjetoernoai. De reedrider wie oardel wike lyn belutsen by in ûngemak op 'e fyts, doe't in auto him oanried. Hy hat lêst fan syn knibbel, mar giet der fanút dat hy meidwaan kin. "Ik sil it yn elts gefal besykje."
Sven Kramer knibbel
It wrâldbeker-kwalifikaasjetoernoai yn Thialf set op freed 1 novimber útein. Sneon sil Sven earst in 3.000 meter ride, dêrnei beslist hy definityf oft hy meidwaan sil.

"It giet eltse dei better"

"It is noait hûndert prosint dat ik it helje, mar as it sneon in bytsje goed giet, dan wol ik it sawiesa besykje." Sven hat net in soad pine mear nei it ûngemak. "It wie fansels wol efkes skrikken, mar sûnt tongersdei giet it eltse dei better. Ik haw net echt in soad pine hân. Earst wol efkes, nei it ûngemak sels, mar ik haw der mear hinder fan. Der siet in soad focht en bloed yn en dêrtroch koe ik myn rjochterknibbel net goed bûgje. En dat is wol wichtich op it iis. Mar dat giet no goed."
© Orange Pictures
Sven Kramer oer syn knibbel
Takom wike stjoert Omrop Fryslân eltse dei in reportaazje út oer Fryske reedriders dy't meidogge oan it wrâldbeker kwalifikaasjetoernoai.