Nije top Aldehou wer mei munt: 'Joust my in stoer, dan spring ik deroer'

"De Aldehou is in grut gebou, joust my in stoer, dan spring ik deroer!", sa giet in âld ferske. It wie lykwols net in stoer dy't fûn is boppe-op de Aldehou, mar in âlde sint. Sûnt tiisdei sit der in nije spits op de Aldehou, dy't der earder weihelle is om opknapt te wurden.
Nije top foar Aldehou
"Bysûnder is dat in timmerman by it ûntmanteljen in gûne-sint fûn hat ûnder de middenstile fan de spits. Eartiids wie it yn de bou tradysje dat der in sint dellein waard foar foarspoed en in goede takomst," seit adviseur Johan Jorritsma.
Earder waard de spits der ôf helle © Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
Fan hokker jier de âlde munt wie, koe lykwols net útfûn wurde om't de sint goed fersliten wie. Mar it moat Wilhelmina wêze dy't der op stie. "Mar yn it ramt dêrfan hawwe wy sels ek mar besletten der wer in nije euro-sint ûnder te lizzen," fertelt Jorritsma. Sa wurdt de tradysje wer fuortset.

Opknapbeurt nedich

Jorritsma jout oan dat de fernijing wol nedich wie. "Begjin ferline jier is der houtrot fûn yn de spitsfoet, de konstrukje dêr't it krús en de flaggemêst oan fêst sit. Wy hawwe der doe foar keazen it mei Kulturele Haadstêd 2018 stean te litten, op ferantwurde wize fansels. Mar doe sprutsen wy ôf om him foar de boufak fan 2019 der ôf te heljen en in nije spits te bouwen." Gefaarlik wie it lykwols noch net. "Je moatte op 'e tiid soks oanpakke, mar dat is ek bard," seit Jorritsma.

Mêst krekt wat skever

De nije spits sit no wer op de toer. "De mêst is wat skever kaam, nei it easten ta. Dat komt om't de punt fan de flagge by in bepaalde wynrjochting te gau yn it krús rekke. Je wolle net dat der skea komt oan de flagge of it krús. Dat hat wolris sa west, dat de flarden fan de flagge echt yn it krús hongen. Doe moast der in kraan en in bak hinne om it der wer út te heljen."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort seach by de Aldehou