Luitzen Nijboer nije trainer foar Drachtster Boys

22 okt 2019 - 12:41

VV Drachtster Boys hat Luitzen Nijboer beneamd ta haadtrainer fan de A-seleksje. Dat skriuwt it bestjoer op de klup-webside. Nijboer folget Hans van der Ploeg op, dy't ferline wike op non-aktyf steld is. Neffens foarsitter Gijs Lokhorst is en bliuwt de situaasje ferfelend en pynlik, mar hawwe se konkludearje moatte dat der gjin gemy mear wie tusken Van der Ploeg en de seleksje.

Foto: Omrop Fryslân

Lokhorst is tige wiis mei de beneaming fan Nijboer. Neffens Lokhorst hat Nijboer in soad ûnderfining as trainer en past syn fyzje en belutsenens mei it oplieden fan de jongerein by it belied fan de klup. Nijboer wie earder trainer by Harkemase Boys, HZVV, Drachtster Boys, MSC, VV Drachten en VEV'67.

(advertinsje)
(advertinsje)