Grutte aksje: gearwurking moat soargje foar better tafersjoch op it Waad

22 okt 2019 - 12:38

Der is tiisdei in grutte kontrôle-aksje yn it Waadebiet, ûnder koördinaasje fan Rykswettersteat. Mar ek de plysje, provinsjes Fryslân en Grinslân, de wetterskippen, Staatsbosbeheer, It Fryske Gea, FUMO en Justysje dogge mei.

"Het is een actie waarmee we kenbaar willen maken dat er Waddenzeebreed gecontroleerd wordt en dat er samengewerkt wordt tussen de verschillende opsporingsdiensten. Dat is de belangrijkste boodschap die we vandaag willen meegeven. We strijden met open vizier," seit Nico Laros fan de Waddenunit.

Kontrôle-aksje yn it Waadgebiet - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Fiskerij

De Waddenunit hâldt tafersjoch op de fiskerij en de rekreaasjefeart. It docht boppedat oan it 'monitoren' fan de natuer en jout foarljochting. Dit is foar harren in wichtige dei. "We controleren in ieder geval een aantal vissersvaartuigen: of de netten in orde zijn en of er geen verboden netvoorzieningen zijn. En ze moeten bepaalde middelen in de netten hebben dat de jonge vis die ze bijvangen uit het net gezeefd worden," seit Laros.

Rekreaasje

"Verder controleren we de mosselkwekers," fertelt hy. "We kijken of ze niet in verboden gebieden zitten. En we controleren of er recreatie is. Het is windstil, dus kitesurfers verwachten we niet. Verder zien we wat we tegenkomen." De measte rekreanten binne lykwols yn de simmer. "Maar het is mooi weer en herfstvakantie, dus we kunnen nog wel wat zeilbootjes tegenkomen. Maar dat is niet in verhouding met wat er 's zomers is."

Seehûnen

Yn guon perioades sil der ekstra oandacht wêze foar tafersjoch, seit Laros. Dat hat ek mei bisten te krijen. "De gewone zeehonden werpen hun jongen in mei-juni, daarna worden ze een aantal weken gezoogd en dan willen we niet dat die beesten verstoord worden. Als dat tijdens het drinken van de melk gebeurd, dan moeten ze wel twee of drie voedingen weer inhalen. Dus die gebieden zijn gesloten voor iedereen. Daar letten we dan specifiek op."

Fûgels

Ek fûgels binne wichtich foar Laros: "Er zijn gesloten gebieden voor vogels, die moeten foerageren en hebben veel werk om voldoende vet op de botten te zetten. Ze komen uit de arctische gebieden naar de Waddenzee om op te vetten, en daarna vertrekken ze naar Afrika. Ze vliegen tienduizend kilometer non-stop, maar dan moeten ze wel in een topconditie zijn."

Nico Laros fan de Waddenunit

Der binne goed 100 minsken aktyf op de kontrôledei. Doelen binne sjen te litten dat minsken harren oan de regels hâlde moatte en dat de organisaasjes en tsjinsten leare om goed gear te wurkjen.

Ferslachjouwer Remco de Vries giet mei op in boat mei Rykswettersteat en de NVWA

(advertinsje)
(advertinsje)