Fryske Waadeilannen yn top tsien Lonely Planet

Op fakânsje oan de drokte yn Nederlân ûntkomme? Dan moatst neffens de Lonely Planet nei de Waadeilannen. De reisgids hat Nederlân en Aruba as twa fan de bêste bestimmingen om yn 2020 nei op fakânsje te gean útroppen. Aruba stiet op it fjirde plak en Nederlân op plak sân.
© Simone Scheffer
Elts jier wurdt troch de reisgids in top 10 makke fan plakken dêr't toeristen it measte foar harren jild krije. It is yn Nederlân net allinich 75 jier nei it ein fan de Twadde Wrâldoarloch, ek is der dit jier it Eurovisie Songfestival yn Rotterdam. Om oan it grutte skala fan eveniminten en feesten te ûntkommen, wurde de Waadeilannen oanret.

Net foar it earst

It is net de earste kear dat Fryslân foarby komt yn de top 10 fan bêste bestimming fan de Lonely Planet. Yn 2018 stie Fryslân as provinsje op it tredde plak. De reisgids hie it doe oer it gesellige en kompakte Ljouwert mei in bloeiende kafeekultuer, mar ek al oer it ûnbegrinze lânskip, mei as hichtepunt de Fryske Waadeilannen mei har sândunen en lange strannen.
© Simone Scheffer
Direkteur Martin Cnossen fan Merk Fryslân, de marketingorganisaasje fan ús provinsje, is tige bliid mei de oanbefelling fan de reisgids foar de Waadeilannen. "Lonely Planet is fansels in machtich ynstitút en dizze listjes hawwe ynfloed op keuzes dy't minsken meitsje."
De reizgers dy't de gids brûke, binne just it type besiker dat Merk Fryslân nei de Waadeilannen helje wol, seit Cnossen. Neffens him is dat "de kwaliteitstoerist, dy't komt foar in bysûndere erfaring".
Martin Cnossen, direkteur fan Merk Fryslân