Nije hoarekaoplieding op It Amelân om personielstekoart tsjin te gean

22 okt 2019 - 11:49

Jongerein dy't oan de slach wol yn de hoareka op It Amelân kin yn 2020 in oplieding op it eilân folgje. Hoareka-ûndernimmers lansearje yn gearwurking mei de Middelbare Hotelschool Friesland de Ameland Academy om it personielstekoart op it eilân oan te pakken.

Ameland Academy - Foto: Ameland Academy

De oplieding wurdt folslein oanbean op It Amelân. Dielnimmers krije de oplieding fergoede, in betelber plak om selsstannich te wenjen en binne fersekere fan in baan nei it beheljen fan it diploma. Dêr komt in spesjale kampus sa't de studinten de reguliere oplieding fan twa jier yn ien jier dwaan kinne.

Tekoart oan personiel

Undernimmers, it ûnderwiis en de polityk wolle studinten nei it eilân helje om't it flink fergrizet. Elts jier komme der goed 700.000 toeristen op It Amelân. Sy soargje foar wurkgelegenheid, mar om't it eilân te krijen hat mei dy fergrizing, rint it personielstekoart op. Mei dit plan wol men jongerein op it eilân hâlde en jongerein fan it fêstelân derhinne helje.

Yn totaal kinne der foarearst tweintich studinten meidwaan oan de Ameland Academy. Dan giet it om jongerein dy't nivo 2 of 3 foar kok of gasthear/frou dwaan wol. De opieding set yn febrewaris 2020 útein.

(advertinsje)
(advertinsje)