'Rimen en Teltsjes' fan de Halbertsma's tenei online op Project Gutenberg

22 okt 2019 - 11:33

In wichtich Frysk boek, Rimen en Teltsjes (oarspronklik fan 1871), is tenei online te lêzen. De publikaasje mei Fryske gedichten, ferskes en folksferhalen is digitaal opnommen op de webside fan Project Gutenberg. Dat projekt is begjin jierren 70 opset troch Michael Hart en hat ta doel safolle mooglik literatuer fergees tagonklik te meitsjen.

Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) - Foto: Wikimedia Commons

Op Project Gutenberg binne tûzenen âlde, mar wichtige boeken út it ferline te finen, dêr't gjin auteursrjocht mear op sit. Oprjochter Michael Hart wie de earste dy't komplete boeken folslein digitaal beskikber makke.

Wichtich foar Fryske literatuer

Rimen en Teltsjes waard yn 1871 útjûn en is skreaun troch de bekende bruorren Halbertsma: Joost (1789-1869), Tsjalling (1792-1852) en Eeltsje (1797-1858). De samling gedichten en ferhalen is net yn ien kear skreaun, yn 1822 wiene de easte stikken der al. Geandewei de 19e iuw krige de útjefte de úteinlike foarm. Doe't it boek der yn 1871 kaam, wiene de trije bruorren al ferstoarn. Nettsjinsteande dat hat Rimen en Teltsjes in wichtige rol spile by it ûntstean fan in Fryske literêre tradysje.

Ald-studint

Dr. Geart van der Meer wie dosint Frysk oan Ryksuniversiteit Grins en is ien fan de frijwilligers dy't it publisearjen op de webside mei mooglik makke. Van der Meer is entûsjast oer it projekt. "It kostet neat en wurdt dien troch frijwilligers, minsken dy't der aardichheid oer hawwe. Rimen en Teltsjes wie ien fan de earste boeken út de 19e iuw dy't ik lies."

"It is in hiel wurk," leit Van der Meer út. "It moat folslein neisjoen wurde en wêr nedich korrizjearre. Dat is in yngewikkeld proses, der is grif fiif jier oan wurke. Ik neisjen bart yn ferskate etappen. Ik haw sels benammen nei de taal sjoen."

Van der Meer hat in soad boeken fan it Gutenberg Projekt lêzen op syn tablet. "Dêrom woe ik wat werom dwaan, en ik seach dat sy mei Rimen en Teltsjes dwaande wiene." Van der Meer fernuvere him dêr oer, want wa soe dat no dwaan? It die bliken dat it Menno de Leeuw wie, tafallich in âld-studint fan him. "Hy hat it scand en oanbean oan Gutenberg," fertelt Van der Meer.

Utjefte feroare troch de jierren hinne

De edysje fan Rimen en Teltsjes dy't no op Project Gutenberg stiet is dy fan 1918, mei tekeningen fan Ids Wiersma. De útjefte fan 1918 is oanbean oan Project Gutenberg troch dosint Menno de Leeuw fan Drachten. It duorre in pear jier foar't it boek digitalisearre en kontrolearre wie. "De stavering is ek fan 1918, doe waard der bygelyks noch 'skaed' skreaun ynstee fan 'skaad.' Mar it wie al wol wer oars as de earste edysje fan 1871," seit Van der Meer.

Dr. Geart van der Meer hat meiholpen mei it digitalisearjen

(advertinsje)
(advertinsje)