Snert fan 'Tante Truus' foar Strontracers

22 okt 2019 - 11:02

De dielnimmers fan de Strontrace binne nei Amsterdam no ek foarby de Kolksluis yn it hert fan Spaarndam. De earste, Sterke Jerke, melde him dêr tiisdei betiid. Yn Spaarndam krije de Strontracers tradisjoneel in kop snert of tomatesop fan 'Tante Truus.' De 84-jierrige Geertruida Maria Gerarda Bijl-Kenter, lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau, docht dit sûnt njoggen jier: "Voor de mannen. Ja en vrouwen, als die meedoen natuurlijk."

Tante Truus is yntusken ek in begryp ûnder Friezen: "Ze vinden het altijd heerlijk, de erwtensoep, en wat dat betreft vinden wij het ook gezellig om dat te doen. Dat is gewoon zo." Dus gie frou Bijl al betiid fan bêd om de earste kannen kofje te setten en de sop op te waarmjen: "Drie uur was ik wakker, maar ik had de wekker op vier uur dus toen heb ik eerst nog even een boekje gelezen. Ik had een leuk boekje gewonnen met de loterij. Half vier ben ik eruit gegaan en heb koffie en thee gezet voor de Friezen."

Nei Sterke Jerke kaam skûtsje Verwisseling as twadde oan by de snert. Op it tredde plak de Nynke, dêrnei de Geertje Rosa folge troch Nooit Volmaakt. Hikkesluter is op it stuit de Vriendschap.

No't ek it lêste skûtsje Spaarndam efter him litten hat, is de rêst werom yn it doarp. "Dan ga ik eerst even zitten en vanmiddag een tukkie doen", sa seit tante Truus.

Ferslachjouwer Afke Boven betiid yn Spaarndam

(advertinsje)
(advertinsje)