Jasper Brunsmann wrakselet mei trainingen: "Dan komt het er niet uit"

22 okt 2019 - 09:27

Jasper Brunsmann belibbe it ôfrûne shorttrackjier syn ynternasjonale trochbraak. Hy siet by de relayploech dy't yn jannewaris yn Dordrecht op it Europeesk kampioenskip sulver pakte. Dit jier wol de shorttracker dy't op It Hearrenfean wennet him ek yndividueel sjen litte, mar dan sil er benammen op de trainingen in stap sette moatte. Dizze wike stelt Omrop Fryslân jimme foar oan de sân Fryske shorttrackers, dy't meidogge oan de wrâldbekers. Dizze tiisdei diel 2: Jasper Brunsmann.

Je kunt wel de koning van de zomer zijn, maar daarmee kom je niet verder in de winter.

Shorttracker Jasper Brunsmann

"Ik doe wel 100 procent mijn best, maar dat is 80 procent van wat ik kan. Iets houdt me tegen." Brunsmann wrakselet mei trainingen. Dêrop kin hy net sjen litte wat er yn wedstriden wol kin. "Als het erom gaat tijdens wedstrijden, gaat het goed. Maar op de trainingen komt het er niet uit. Dat is soms frustrerend, maar aan de andere kant weet ik dat het bij een wedstrijd wel goed gaat. De bondscoach weet ook wel dat ik niet echt een trainingsbeest ben."

Mar wêr sit it probleem dan? Hoe kin it dat it Brunsmann op de training net slagget? "In de wedstrijd denk ik niet na. Tijdens de training rijd ik maar gewoon rondjes en kan ik me niet 100 procent focussen op dat ene ding. Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting zeggen: 'doe gewoon je eigen ding.' Je kunt wel de koning van de zomer zijn, maar daarmee kom je niet verder in de winter", sa seit Brunsmann.

Ferline jier spile de 20-jierrige shorttracker eins allinne in rol yn de efterfolgingsploech. No wol er ek yndividueel in rol spylje. "Ik wil standaard in het wereldbekertoernooi zitten, hoofdtoernooien rijden en finales rijden. Dat is het doel. Het mooiste zou zijn om bij de wereldbeker in Dordrecht de 500 meter te rijden."

Foto: Orange Pictures

Spektakel

Sport draait njonken wille hawwe om winne. Foar Brunsmann sit dat ek krekt wer wat oars yninoar. As hy spektakel sjen lit, dan fynt er dat ek goed. "Ik kan wel een wereldbeker rijden en dan is het mooi dat je een hoofdtoernooi hebt gehaald, maar dat vind ik niet leuk. Als ik niet het hoofdtoernooi heb gehaald, maar wel een mooie rit met mooie inhaalacties heb gereden, vind ik het net zo goed."

Ferline seizoen siet Brunsmann hast altyd by wrâldbekerseleksje. Dochs miste hy der wol ien, fanwege in dissiplinêre maatregel. Hy seit net wat. "Ik heb er alleen maar van geleerd. Het hele tweede deel van het seizoen is het me wel achterna gaan zitten dat ik me op dat moment een fout heb gemaakt. Het heeft me voor dit jaar weer goed gedaan dat ik er wat mee kan. Ik ben nog wel steeds jong en maak veel fouten."

Quarter-life-crisis

Wat opfalt oan Brunsmann is syn nije 'look': in burdsje, langer hier en sels in earbel. Hy ferklearret it leitsjend: "Ik heb een quarter-life-crisis. Dus ik ben even wat nieuws aan het proberen, maar het is allemaal tijdelijk hoor. Probeer een beetje indruk te maken op de meiden, maar het gaat niet zo goed."

  • Namme: Jasper Brunsmann
  • Bertedatum: 31-03-1999
  • Berteplak: Toppenhuzen
  • Wenplak: It Hearrenfean
  • Hichtepunt: Wûn yn 2019 EK-sulver mei de relay-ploech yn Dordrecht
  • Twitter: @Dennis1995_
  • Instagram: @jasper_bru
(advertinsje)
(advertinsje)