Kollum: "Turksk nasjonalisme yn Nederlân"

22 okt 2019 - 08:17

"Jan hie foarige wike yn Amsterdam west. Foar it wurk fansels, want foar de lol hoege je dêr net hinne. Nee, der moasten masten en flaggen komme foar de maraton fan ôfrûne snein. Hy fertelde dat er drok dwaande wie op it Museumplein, doe't er ynienen rachen en skellen hearde. It klonk fan fierrens, dat hy sloech der earst gjin acht op.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Dat feroare doe't de skellerij tichteby kaam. It bliek dat it razen en balten tsjin him rjochte wie. Ta syn fernuvering kaam in groep Turkske Nederlanners op him tasetten. Mei drokke gebearten en in stimfolume dat boppe in konsert fan Slayer útgie, easken se dat er in flagge delhelje moast. It gie om de reinbôgeflagge. Dy hong nammentlik neist dy fan Turkije.

Hoewol't de situaasje behoarlik yntimidearjend wie, hâlde Jan hoek. Hy lei út dat it syn wurk wie om masten te pleatsen en dêr flaggen yn te hingjen. Dat er dêrfoar betelle krige, en net om se del te heljen. Dat praat wie oan dôvemansearen rjochte. Hy moast en soe dy mislediging rjocht sette, want oars...

By dy tiid hie Jan de hakken moai stevich yn 't sân set. No ja, skrep op de klinkerts. Hy antwurde net allinne dat se it ferjitte koene, mar heakke dêroan ta dat dy flaggen inoar miskien wol leaf fûnen. De Turkske Nederlanners skodden fan kleare ellinde. Doe't se fernamen dat harren driigjen gjin inkeld effekt hie, Jan like ûnfersetlik bleau as in betonnen muorre, taaiden se ôf.

Turken en harren flagge, it bliuwt in ferhaal apart. De heitelânsleafde, sels ast net yn dat lân berne bist, is folslein en absolút. De nasjonalistyske geast kin sels al út de flesse komme troch sawat as in reinbôgeflagge. Sjochst it by sport en polityk: de strjitten streame fol, de Turkske flaggen wurde hieltyd grutter. Dat is ek it gefal sûnt Erdogan Noard-Syrië ynfallen hat. Net allinne yn Turkije, mar ek yn de gruttere stêden fan Nederlân hingje gâns flaggen út de ruten. It Turksk nasjonalisme giet oer grinzen hinne.

En dêr't in pikefanger út de Wâlden op Fryske klompen al gau foar krypto-fassist útmakke wurdt, bliuwt it by ditsoarte fan uteringen fan nasjonalisme rêstich. Om net te sizzen deastil. Wylst it nasjonalistyske hâlden en dragen fan in part fan de Turkske Nederlanners in opfallend fenomeen is. Want der wenje bygelyks mear Poalen en Dútsers yn Nederlân as Turken. Dy sjogge wy net massaal mei flaggen de strjitte opgean as der wat te rêden is op it mêd fan sport of polityk.

No is der op himsels neat mis mei it sentimint fan heitelânsleafde. Ik begryp hiel goed dat as Turkske famyljes jierliks nei Turkije reizgje, se harren dêr echt thús fiele yn de waarme, koesterjende wyn út it suden, it iten en drinken dêr better smakket en it hert tynt by de muzyk en de taal fan it heitelân. Sels foar in twadde of tredde generaasje.

Oars wurdt it as dat sentimint feroaret yn bline en gefaarlike adoraasje foar de militêre aksjes fan in man, dy't al te faak blike litten hat dat er skyt op minskerjochten, demokrasy en lykweardigens. Dan ferdwynt myn begryp. En bin ik grutsk op Jan, dy't mei izeren ballen fan stiel it steltsje Turkske nasjonalisten yn Amsterdam stien hat."

(advertinsje)
(advertinsje)