Spesjaal transport Damwâld: lizzers fan 32 meter en 8.000 kilo yn it doarp

22 okt 2019 - 08:11

Spesjaal transport yn Damwâld: moandeitejûn binne der saneamde raatlizzers foar de nij te bouwen Campus Damwâld troch it doarp riden. It giet om spesjaal gearstalde lizzers fan staal, dy't 32 meter lang binne en elts 8.000 kilo swier binne.

De lizzers yn Damwâld - Foto: Klaas Agricola

De lizzers binne makke yn Ede en moatte mei help fan in kraan fan de frachtwein op de boupleats riden wurde. Nei alle gedachten wurde de lizzers begjin novimber montearre. "Spectaculair transport door Damwâld vanavond!", skreau boargemaster Klaas Agricola op Twitter.

De nije ûnderwiiscampus wurdt boud troch bougroep Dijkstra Draisma yn opdracht fan gemeente Dantumadiel en Stichting Campus Damwâld. Der komt in nije skoalle mei in sporthal. Ek wurdt de Badhúswei yn it doarp op 'e nij ynrjochte.

De ynwenners fan it doarp kinne tenei tejochte yn de campus foar taalûntwikkeling, sport en sûnens. De trije basisskoallen, OBS Dr. J. Botkeskoalle, CBS De Bron en CBS De Fontein, komme ûnder ien dak. Ek stiet it yn ferbining mei Nij Tjaerda en Kindcentrum De Blokkedoaze.

(advertinsje)
(advertinsje)