Mega Sportdei op It Hearrenfean groeit: evenemint al op trije lokaasjes

22 okt 2019 - 07:10

Op It Hearrenfean set tiisdei de jierlikse Mega Sportdei útein, dêr't skoalbern yn 'e kunde komme kinne mei in soad sporten. Tsientallen sportferieningen fan de gemeente fersoargje workshops. Rinske Schoenmaker fan Sportstad Heerenveen merkt dat it evenemint hieltyd grutter wurdt: "Ook dit jaar zijn er meer sportverenigingen dan vorig jaar die zich willen promoten. Let wel: dat is vrijwillig. Maar ook in accommodaties zien we de groei: het begon in Sportstad, maar er zijn al drie externe locaties bijgekomen."

De Mega Sportdei op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Neist Sportstad binne ek iisstadion Thialf, Padel Friesland en Sport- & Lifestyle Center Balans lokaasje foar it evenement. Yn Thialf dogge ferskate reedrydferieningen mei, mar ek UNIS Flyers.

"Om acht uur gaan we van start," fertelt Schoenmaker. "De opening voor de deelnemers begint pas om 10.00 uur, maar om 8.00 uur zijn de vrijwilligers en sportaanbieders al welkom die alle workshops en clinics verzorgen. Om 10.00 uur hebben we een leuke opening in Feanplaza in het stadion met een korte warming-up en een half uurtje later starten de workshops en de playground."

Gemeente en ferieningen

"Gemeente Heerenveen is de opdrachtgever voor het evenement," leit Schoenmaker út. "Onder de noemer 'Scoren voor Gezondheid' waar ook alle buurtsportcoaches in Heerenveen onder vallen, valt deze reeks evenementen waarvan de Mega Sportdag de start is." Foar de sportferieningen is it in momint om mear leden te winnen. "En de gemeente Heerenveen faciliteert het verhaal eromheen."

Alle bern fan groep 1 oant en mei 8 kinne fergees meidwaan, ek sûnder oanmelding foarôf.

Rinske Schoenmaker fan Sportstad Heerenveen

(advertinsje)
(advertinsje)