Werstel histoaryske groppen by Peazens helpt greidefûgelpiken

22 okt 2019 - 06:39

It werstel fan kultuerhistoaryske eleminten yn it lânskip kin ek de natuer ta tsjinst wêze yn de Peazemerlannen bûtendyks tsjin it Waad oan by Peazens. It Fryske Gea wurket al langer yn 'e mande mei de lokale befolking en in grut ferskaat oan oare partijen oan it ferbetterjen fan de natuer yn it gebiet.

Dêrby is ek omtinken foar it wer sichtber meitsjen fan de histoarje fan it gebiet. Sa binne der âlde jisters dêr't kij molken waarden, in skieppewaskplak en de bysûndere ferkaveling mei groppen yn de simmerpolder.

Ek goed foar fûgels

Benammen yn dy simmerpolder moat aanst mear romte komme foar ûnder oare greidefûgels. De âlde groppen wurde wersteld en dat kin goed útpakke foar jonge fûgels. Dy kinne der yn skûlje of fretten fine. En sa helpt it sichtber meitsjen fan de histoarje ek de fûgels.

In âld groppe yn de Peazemerlannen - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

In part fan de kwelder wurdt wer geskikt makke om fee te weidzjen. Dat soarget derfoar dat it rûch wurden wat ophâldt en dat lûkt wer briedfûgels oan dy't by de Waadkust hearre. Nei alle gedachten wurdt der ek noch in briedeilantsje oanlein foar benammen stirnzen en kluten.

Kuierje

Mar in part fan de kwelder bliuwt wol rûch, want dêr profitearje wer oare fûgels fan, lykas de fjildûle. Ek wurdt sjoen oft fan de kuier oer de simmerpolderdyk in rûntsje makke wurde kin.

(advertinsje)
(advertinsje)