Hoe stiet it mei Holwerd aan Zee? Holwerters wolle it graach witte

22 okt 2019 - 11:06

Holwerters wolle mar wat graach witte hoe't it no stiet mei de plannen foar Holwerd aan Zee. Op de gearkomste moandeitejûn oer de plannen wienen in soad minsken yn de grutte seal fan it MFA yn Holwert. Der moasten oeral ekstra stuollen by komme.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

It ferhaal fan de inisjatyfnimmers duorre sa'n twa oeren, dochs hearden de oanwêzigen net folle nije dingen. Joop Mulder wie ek ien fan de sprekkers, hy fertelde oer Sense of Place.

Inisjatyfnimmer Theo Broersma is tige entûsjast oer Holwerd aan Zee: "Hjir dochst it eins foar. Je binne wol mei fjouwer man op 'en paad om it projekt te lûken, mar jo kinne neat sûnder doarp. It giet om de minsken dy't hjir wenje en de komplete regio."

Wannear kin de skeppe de grûn yn?

Hy kin in byld jaan fan de foarderingen. Broersma: "Wannear't it wetter yn Holwert tsjin de kade oan klotst: mocht it sa rinne as it yn ús hollen omgiet, dan kin yn 2021-2022 de skeppe de grûn yn. Wy sizze hieltyd, yn 2025 soe dizze faze klear wêze kinne: de ril troch de kwelder, de dyktrochbraak en de belibbingsmar."

Der moat lykwols noch wol it ien en oar regele wurde. "De finânsjes binne der hast. Der is noch in Waadfûns-oanfraach, en kwa Regiodeal binne wy noch dwaande om dingen te ferdielen. Mar dat is allegearre tige posityf. Mar as it aanst sa troch giet, sille der foar de ynwenners ek dingen feroarje."

Droegen troch de minsken

Dat is foar de inisjatyfnimmers in wichtich punt. It plan moat stipe wurde troch de minsken yn doarp en regio. "Dêr wolle wy harren ek yn meinimme. Dêrom hawwe wy aanst eltse lêste freed fan de moanne Kafee Holwert oan See, dan is eltsenien út it doarp en de regio wolkom om mei te tinken en te sketsen foar it definitive plan," jout Theo Broersma oan.

Inisjatyfnimmer Theo Broersma

Deputearre Johannes Kramer iepenet de jûn - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
(advertinsje)
(advertinsje)