Wenningoerfal yn Drachten; plysje siket twa jonges

De plysje is op syk nei twa fertochte persoanen dy't belutsen wiene by in wenningoerfal yn Drachten. Oan de Korenmolen waard moandeitejûn tsjin tsienen jûns de oerfal dien. De twa jonges hiene allebei in mûtse op en ha in jildkistje mei in ûnbekend bedrach meinaam út de wenning.
© ProNews
Ien fan de twa jonges hie in Nike-fest oan. By de oerfal rekke gjin ien ferwûne.
De plysje docht ûndersyk yn en om de wenning en sjocht ûndertusken út nei de fertochten. Ek is in Burgernet-oprop dien om út te sjen nei de fertochten.