Earste etappe fan Strontrace sit derop, skûtsjes binne Iselmar oer

21 okt 2019 - 20:55

De earste skûtsjes fan de Strontrace binne troch de Houtribslûs fan Lelystêd. Dêrmei is de earste etappe, it stik oer de Iselmar, folbrocht. Se binne moandeitemiddei út Warkum wei start. Doel is om sa rap mooglik fan Warkum nei Warmond te farren en werom. En dat sûnder help fan de motor op it skip.

Krekt nei sânen jûns kaam skutsje Sterke Jerke mei skipper Pieter Jilles Tjoelker as earste de slûs ynfarren, mar hy moast de skutbeurt diele mei grutte konkurrint De Verwisseling fan Bas Krom. Beide skûtsjes giene de hiele tocht oer de Iselmar nek-oan-nek. Tweintich minuten letter folge Nynke mei skipper Richard Willart.

Neffens Fonger de Vlas, bemanningslid op de Sterke Jerke, wie it silen oer de Iselmar 'ynteressant'. Fonger de Vlas: "De wyn gie om. Dat hiene we wol betocht, mar Bas hie it earder betocht. Dus dy sylde fuort en wy leine foar dea te wachtsjen. It lêste stik krigen wy him wer geunstich en koene we nei Bas ta sile. Hiel spannend, machtich."

Bas Krom: "Onze grootste angst was dat de Sterke Jerke al weg zou zijn, maar dat zijn ze nog niet. Het is nu nog nek-aan-nek, maar straks begint het echte werk. We hebben er zin in!"

It duorret no noch minstens fjouwer oeren foardat de koprinners by Amsterdam oankomme. Noch wol mear, no't de wyn ôf liket te nimmen. Dêr moat in taktyske kar makke wurde: boomkje troch de grêften fan Amsterdam of earst oer Haarlem. Op de weromreis moat it dan oarsom. Sa't it no liket, is de rûte Haarlem op de hinnereis geunstiger.

De start fan de Strontrace - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Klassemint:

1 Sterke Jerke
2 Verwisseling
3 Nynke
4 Geertje Rosa
5 Nooit Volmaakt
6 Vriendschap

Trefwurden: 
skûtsje Iselmar Strontrace
(advertinsje)
(advertinsje)