Autobesitters op Skiermûntseach moatte op 'e tiid tanke; pompstasjon is wike ticht

21 okt 2019 - 19:21

Op Skiermûntseach kin nije wike fiif dagen lang net tankt wurde. It iennige tankstasjon op it eilân moat ynspektearre wurde en kin dan net brûkt wurde. Sa'n ynspeksje fynt ien kear yn de fyftjin jier plak.

Foto: Google Street View

De gemeente advisearret eilanners de tank foar moandei fol te goaien. Mochten der dêrnei brânstofproblemen ûntstean, dan seit de gemeente ta mei te tinken oer in adekwate oplossing.

Op it eilân binne sa'n 400 auto's, bedriuwsauto's en motoaren registrearre.

(advertinsje)
(advertinsje)