FIDEO: Johannes Kramer: "Fryslân moat syn eigen koers farre kinne, as it giet om de útstjit fan stikstof"

21 okt 2019 - 19:06

Te gast is deputearre Johannes Kramer, en fansels prate we mei him oer it boereprotest by de stikstofkrisis en oer syn nije funksje as boargemaster fan Noardeast-Fryslân.

Fryslân moat syn eigen koers farre kinne, as it giet om de útstjit fan stikstof. Dat seit deputearre Johannes Kramer yn It Polytburo. De kommende wiken sille alle sektoaren dy't mei de problematyk te meitsjen hawwe -lânbou, de bousektor en oaren- om tafel om te sjen hoe't de saken oplost wurde moatte.

Dêrby moatte emoasjes neffens Kramer safolle mooglik bûten de doar hâlden wurde. De opmerking fan boere-foarfrou Sieta van Keimpema oer in driigjende boargeroarloch neamde Kramer "der fier by troch".

Tagelyk mist Kramer de rezjyrol fan premier Rutte yn it hiele debat. Sawiesa wol Kramer dat Fryslân syn eigen koers fart, ek omdat de stikstof-delslach yn de natuergebieten yn ús provinsje lytser liket as tocht waard.

Kramer joech wol ta dat syn "antenne" him by it boereprotest yn 'e steek litten hat. Flak foardat er bekendmakke dat er syn hanteken ûnder it stikstof-beslút weihelle, hat er wol oerlis hân mei kollega-deputearren yn oare provinsjes. Yn in saneamde conference-call "grommelen" sy al wat, doe't Kramer sei dat er tajaan soe oan de demonstrearjende boeren. In grut tal oare provinsjes koenen doe net oars mear as it Fryske foarbyld folgje.

(advertinsje)
(advertinsje)