Sociaal Domein Fryslân: "Kontrolearje wêr'tst foar tekenest as jeugdhelpoanbieder"

It Sociaal Domein Fryslân, in gearwurkingsorganisaasje op it mêd fan soarch fan Fryske gemeenten, hat besunigingen foar soarchbuorkerijen trochfierd en se nei in leger taryf set. Neffens wethâlder Hilde Tjeerdema fan Ljouwert is jierren út it ferkearde potsje betelle en kin dat no net mear fanwege besunigingen. Se sprekt leaver fan in boekhâldkundich ferskil.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De gemeente Ljouwert wurket gear mei it Sociaal Domein Fryslân, it SDF. Wethâlder Hilde Tjeerdema fynt it sneu hoe't de gong fan saken gie, mar stelt ek dat soachgboeren better oplette kinnen hienen.
"It is hiel ferfelend datst minder jild krijst as dêr'tst op rekkene hast," fertelt sy. "Ik kin my yntinke dat sy deromhinne boud ha en dat sy útgien binne fan in bepaald taryf. Mar it is wichtich om te fermelden dat dit al fan 1 jannewaris 2018 ôf sa wie, mar dat inkelde soarchboeren altyd út te hege ferbliuwskomponint wei deklarearre ha. Dat betsjut dat sy in it begjin al te folle fergoeding krigen ha, mar hjir gjin rjocht op hiene."
Tjeerdema tinkt dan ek dat inkelde soarchboeren har fersjoen ha op wat sy biede moatte. "Ik tink dat it goed is om te kontrolearjen dêr'tst foar tekenest as jeugdhelpoanbieder. Watfoar ferbliuw en watfoar soarch moat ik regelje en kin ik dat wol? As dat net it gefal is, dan kin it ek sa wêze dat dy bern eins op in oar plak better passe en dat de soarchbuorkerij te swiere kliïnten oannommen ha. It is altyd matched care."
Ferslachjouwer Dieuwke Kroese yn petear mei Hilde Tjeerdema

Nij tafersjoch

Tjeerdema stelt dat boeren út in oar komponint harren jild krije, om't it sa makliker is om se te kontrolearjen. "It is net de bedoeling dat de bern net mear de help krije dy't se nedich ha, mar dat se op in oare manier finansierd wurde," relativearret Tjeerdema it probleem fan de soarchboeren. "Yn dizze komponint is it ek better te kontrolearjen wêrom't jo in bepaald heech of leech taryf ha." Op dizze wize hoopje se misbrûk fan it systeem tsjin te gean.

Foar de bern

Tjeerdema stelt de bern dy't twivelje oer harren soarch dan ek gerêst. "It is net de bedoeling dat de bern net mear de help krije dy't se nedich ha. It is wol de bedoeling dat elke ynstelling de fergoeding krijt dy't past by it type ferbliuw dat oanbean wurdt. De bern kinne by de ynstelling bliuwe, mar net op de manier dêr't se no jild op krigen. Dêr komt wol in ein oan."
Sy krije no út in oare potsje harren jild. Dat soarget foar feroaringen, mar dy binne neffens Tjeerdema net grut. "Ik gean derfan út dat it goedkomt, mar dat it al efkes wennen is foar de oanbieders fan hoe't dat sit en dat komme wy graach útlizzen."