Opstekker foar Fryske ûndernimmer: heechste priis foar âlde tsiis fan De Fryske

De 'Stokâlde Fryske' hat yn Italië in priis yn de wacht sleept: de Super Gold is de haadpriis yn dizze kategory op de World Cheese Awards. De winnende tsiis wurdt makke by De Fryske, it bedriuw fan Catharinus Wierda yn Aldemardum.
© Omrop Fryslân, Ben de Jager
"De folfette tsiis is rjemmich fan smaak, om't de molke net ôfrjemme wurdt. Ek fuorje de boeren in soad gers. Dêrtroch hat de âlde tsiis toch in smeuïge smaak. Omdat de tsiis twa jier ripe hat, neame we it de Stokâlde", fertelt Catharinus Wierda.
Hy wie ferrast oer de priis. "It wie de earste kear dat we wat opstjoerd ha, en fansels hopest op in priis, mar dat we no Super Gold wûn ha, is prachtich. It betsjut dat it noch better as goud is." Wat de sjuery no krekt oer it produkt sein hat, wit er noch net. "Ik wie der sels net by yn Italië."
De tsiis is rûnom yn Fryslân te krijen, de Stokâlde benammen yn spesjaalsaken. "Dizze priis helpt ús om de winkelminsken te oertsjûgjen om it op te nimmen yn har assortimint. We ha in bysûndere tsiis en in bysûnder ferhaal, want we stribje nei natuerynklusive melkfeehâlderij. De fiif boeren dêr't we mei wurkje, hâlde rekken mei greidefûgels, bioferskaat en lânskip."
It bedriuw is noch mar 2,5 jier op de merk, en de Stokâlde is noch mar krekt in jier yn de ferkeap. Ek ha se in Bronze award wûn foar de Alde Fryske. Beide tsizen hearre yn de kategory Goudse tsizen âlder as in jier.
Catharinus Wierda
© www.defryske.frl