Steuring oan brêge Dronryp, krekt twa wiken foar wurksumheden

21 okt 2019 - 17:12

Provinsje Fryslân hie moandeitemiddei te kampen mei in steuring oan de brêge by Dronryp, oer it Van Harinxmakanaal. Technysk personiel hat derfoar soarge dat de reade lampen útset binne en de slachbomen omheech treaun binne. De steuring is dêrmei lykwols noch net oplost. De steuring komt krekt twa wiken foar't de provinsje mei de brêge oan de gong sil.

De brêge by Dronryp - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De technyske lju besochten de steuring op te lossen, mar de reade lampen bleaune brânen en de slachbomen woene net omheech. Dêrom is dat foarearst hânmjittich oplost. It is net bekend oft der op dit stuit gjin betsjinning is foar de skipfeart.

De wurksumheden oan de brêge binne fan 4 oant en mei 6 novimber.

(advertinsje)
(advertinsje)