Fryske advokaat stiet fertochte yn saak Ruinerwold by

Advokaat Robert Snorn fan it advokatekantoar Bakx en Snorn op It Hearrenfean nimt de ferdigening op him fan ien fan de fertochten yn de saak Ruinerwold. It giet om de heit fan de bern, dy't njoggen jier mei elkoar yn ôfsûndering op in pleats yn Ruinerwold wenne ha.
© ANP
Har bestean kaam ferline wike oan it ljocht. In pear dagen dêrnei waard de heit oanhâlden op fertinking fan frijheidsberôving en wytwaskjen fan jild. Syn foararrest is moandei mei twa wiken ferlinge.
De heit sit yn beheining, dat betsjut dat er allinne kontakt ha mei mei syn advokaat, Snorn fan It Hearrenfean dus. En Snorn kin ek neat sizze, salang't syn kliïnt yn beheining sit.