Proef om inoars soarchkliïnten op te fangen dy't time-out nedich hawwe

21 okt 2019 - 16:55

It GGZ Fryslân-ûnderdiel MindUp en Zienn binne úteinset mei in proef om soarchkliïnten fan beskerme wenjen-lokaasjes fan inoar op te fangen dy't in time-out nedich hawwe. Somtiden moat in kliïnt - al dan net twongen - tydlik syn of har plak ferlitte, Mei in nije saneamde time-out regeling kin sa'n kliïnt dan foar maksimaal 14 dagen terjochte by in oare beskerme wenjen-lokaasje.

It ûndertekenjen fan de pilot - Foto: Zienn en GGZ Fryslân

Sa'n tydlike oerpleatsing kin ek as sanksje oplein wurde, as der net-winske situaasjes binne en it foar de kliïnt of meibewenners nedich is om tydlik in oar plak te finen. It is neffens de organisaasjes wol wichtich dat der ek dan genôch soarch bliuwt.

Der binne 17 fan dy beskerme wenjen-lokaasjes yn Fryslân. Zienn en MindUp binne de grutste oanbieders. De pilot duorret in jier, dêrnei sil sjoen wurde oft de proef suksesfol wie.

(advertinsje)
(advertinsje)