Noardlike fuotbalderby is 'Wedstriid fan de Wike'

21 okt 2019 - 16:55

SC Hearrenfean is yn bloedfoarm: de ploech fan Johnny Jansen wûn trije kear op rige. En dan komt ek nochris buorman FC Groningen op besite yn it Abe Lenstra Stadion. Alle reden om dy wedstriid te ferkiezen ta 'Wedstriid fan de Wike.'

De sfear is goed by SC Hearrenfean. Nei de oerwinningen op VVV-Venlo, PEC Zwolle en AZ is de ploech fan Jansen trochgroeid nei it sechde plak yn de earedifyzje. Tsjinstanner FC Groningen stiet alfde. "Mar SC Hearrenfean tsjin FC Groningen bliuwt fansels altyd in spesjale wedstriid. Hielendal no't de derby yn Fryslân tusken SC Hearrenfean en SC Cambuur der net is," fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "It wurdt net foar neat de 'Derby van het Noorden' neamd."

De wedstriid set sneintemiddei om 12.15 oere útein. It is fansels live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Roelof de Vries is der by yn it Abe Lenstra Stadion.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)