Stefan van der Pal swimt 5 kear 8 oeren as tarieding op Alvestêdetocht

21 okt 2019 - 16:41

Fjirtich oeren swimme yn stee fan in 40-oerige wurkwike. Swimmer Stefan van der Pal út Ljouwert wikselet syn fulltime baan foar in wike om en sil fiif dagen lang acht oeren deis baantsjes lûke yn it 25 meterbad fan it Kealledykje. Dat binne sa'n 1000 kearpunten op in dei. En dat allegear as tarieding op de Alvestêdetocht dy't er yn de simmer takom jier swimme wol.

Stefan van der Pal, nei syn earste treningssesje fan 8 oeren - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

"Ik voel me wel goed, de tijd ging mooi snel voorbij. Ik was wel wat bang, want ik ben ziek geweest, maar het voelde goed", dat sei Stefan van der Pal nei't er de earste dei fan 8 oeren swimmen hân hie. "Ik wil het verstandig opbouwen, dus daarom zwem ik vijf dagen lang acht uur."

Bûtenwetter is te kâld

Earder hat er ek yn bûtenwetter traind. "Dat was een mooie buitenwatertraining van 32 uur, daar heb ik veel van geleerd, fouten, maar ook dingen die goed gaan. Nu kan ik niet meer buiten zwemmen, daar is het te koud voor, dus daarom ben ik uitgeweken naar het zwembad. Hoewel dat niet met elkaar te vergelijken valt, hier heb je veel keerpunten."

Eins hâldt er net fan it swimbadswimmen. "Ik hou van open water, dan kun je om je heen kijken, waar moet ik zijn. Dat vind ik heerlijk, maar ik moet gewoon uren draaien. En hier komt er nog weleens iemand naast je, dan kijk ik hoe vaak ik die persoon kan inhalen bijvoorbeeld. Zo blijf je fris in je hoofd."

Jier tarieding

By dy bûtentraining hat er ek in nacht swommen. "Dat is een bijzondere ervaring, dan word je wakker omdat je het riet aanraakt. Daar leer je van. Nu in het zwembad trainen is luxe, maar ik wil mezelf niet over de kop jagen." Hy nimt in jier foar de tarieding. "Als ik dat haal zonder blessures, dan ben ik tevreden."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Stefan van der Pal

Foto: Stefan van der Pal

Marianne, de frou fan Stefan en swimfreon Jos van Zutphen

(advertinsje)
(advertinsje)