Ynbrekkers profitearje yn Feanwâlden fan de hjerstfakânsje

De plysje fan gemeente Dantumadiel warskôget de ynwenners fan Feanwâlden foar ynbrekkers. Ofrûne wykein is der twa kear in ynbraak ûntdutsen yn de wyk Bûtefjild, boppe-yn it doarp.
It Bûtefjild yn Feanwâlden © Google Street View
De plysje jout oan dat it gie om ynwenners dy't op fakânje wiene. De ynbrekkers hawwe dêr mooglik fan profitearre. De wykagint freget ynwenners goed op te letten, foar buorlju de boel yn de gaten te hâlden en bygelyks in WhatsApp-chat op te rjochtsjen.