Elkien wol bewenners yn nij kompleks op it plak fan Nij Ylostins yn Drylts

21 okt 2019 - 15:35

De bewenners fan âldereinkompleks Nij Ylostins kinne byinoar wenjen bliuwe yn in lykweardige wenfoarsjenning yn Drylts. Wenningkorporaasje Elkien hat dat de 38 bewenners skriftlik witte litten. Earder dit jier ûntstie der rebûlje yn Nij Ylostins troch de plannen fan Elkien om it kompleks te slopen. De bewenners binne gerêststeld troch dit nijs.

Ofrûne maitiid giene hûnderten ynwenners fan Drylts demonstratyf om Nij Ylostins hinne stean om oan te jaan dat sy it kompleks en de bewenners net kwyt wolle.

De korporaasje hat de bewenners no witte litten dat der yn alle gefallen oant 2022 neat sloopt wurdt. Fan dat jier ôf wurdt it kompleks yn fazen ôfbrutsen, sa't de bewenners gewoan wenjen bliuwe kinne, al moatte se mooglik wol yntern ferhûzje nei in oar appartemint fanwege sloop en ferbouwing.

Nij kompleks op it âlde plak

Elkien wol op it plak fan Nij Ylostins in nij kompleks mei senioarewenten bouwe yn oerlis mei de gemeente Súdwest-Fryslân, soarchynstelling Patyna en de bewenners. "Die bewoners hadden wij natuurlijk veel eerder bij onze plannen moeten betrekken," seit direkteur Harro Eppinga fan Elkien oer alle opskuor yn Nij Ylostins earder dit jier.

Neffens him is der doe ûnterjochte it byld ûntstien dat der gjjn nije wenromte op itselde plak werom komme soe. Elkien seit ynkoarten wer yn petear te wollen mei de bewenners oer it proses en de plannen.

Soarchkompleks Nij Ylostins yn Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Wurdt it kompleks wol sloopt?

Oft Nij Ylostins yn 2022 ek echt sloopt wurde kin, stiet noch net fêst. Want by gemeente Súdwest-Fryslân is in fersyk yntsjinne om it kompleks ta gemeentlik monumint te ferklearjen. Op 15 novimber moat dêr útslútsel oer wêze.

De bewenners fan Nij Ylostins binne tige sprekken oer it brief fan Elkien. "Wij kunnen nu in IJlst bij elkaar blijven. Daar was het ons om te doen," seit bewenner Hans Onderwater. "Dat er een voorziening in IJlst blijft is ook goed nieuws voor jongere generaties. Het gaat er om dat mensen in eigen stad kunnen blijven."

Op 3 oktober binne der fragen foarlein oan wethâlder Faber, nei't bewenners ein septimber sprutsen hat mei in tal riedsleden. Faber joech al oan dat de bewenners yn Nij Ylostins of in ferlykbere selsstannige wenfoarsjenning yn Drylts wenjen bliuwe koene.

Soarchkompleks Nij Ylostins yn Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Direkteur Harro Eppinga fan Elkien oer Nij Ylostins

Bewenner Hans Onderwater fan Nij Ylostins

Trefwurden: 
Drylts Elkien Nij Ylostins
(advertinsje)
(advertinsje)