Sportcast: "Wat hat Cees Roozemond eins goed dien by Hearrenfean?"

21 okt 2019 - 15:26

SC Hearrenfean wist ôfrûne wykein it sterke AZ mei 4-2 te ferslaan. Ek Cambuur pakte de trije punten. De Ljouwerters stjoerden TOP Oss mei in 5-1 nederlaach nei hûs. It meast bysûndere oan dy wedstriid wie lykwols net de grutte oerwinning, mar de produktiviteit fan Issa Kallon. Kallon like net skoare te kinnen, mar makke der tsjin TOP Oss ynienen fjouwer.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

SC Hearrenfean wûn yn Den Haag mei 4-2 fan AZ. In protte minsken hienen dat net ferwachte. Dochs seach Arjen de Boer it al in bytsje oankommen: "It is strontferfelend om tsjin Hearrenfean te spyljen as je de bettere ploech binne, want Hearrenfean is flymskerp yn de counter."

Snein spilet Hearrenfean de derby tsjin FC Grins. Andor Faber tinkt dat Hearrenfean ek dan winne kin: "Ast de ploegen op dit momint neist elkoar leist, dan is SC Hearrenfean de favoryt."

Dochs is it net allegear hosanna by Hearrenfean, sa is der noch hieltyd gjin haadsponsor. Roelof de Vries is hurd yn syn oardiel: "Cees Roozemond hat noch neat goed dien by Hearrenfean."

De Issa Kallonshow

By Cambuur hie Issa Kallon de haadrol. Kallon makke fjouwer doelpunten en hie dêrmei in grut oandiel yn de oerwinning fan de Ljouwerters. Arjen de Boer sei in pear wiken lyn al 'as je Issa Kallon oan it fuotbaljen krije, dan binne je in wrâldtrainer' en no liket dat dus it gefal. De Boer doart dan ek wol te sizzen: "Cambuur docht oant it lêste momint mei om it kampioenskip."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy alle moandeis by oer al it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar. Alle Sportcasts beharkje? Klik hjir.

(advertinsje)
(advertinsje)