Vlaggen Unie stjoert Fryske flaggen nei Brabân mei persoanlik kaartsje

21 okt 2019 - 15:08

Boer Iwan Zantvoort fan Vinkel (Noard-Brabân) hie in Fryske flagge besteld om't hy sa dúdlik meitsje wol dat er fynt dat der yn Fryslân better nei boeren harke wurdt as yn syn eigen provinsje:. Hy krige by syn Fryske flagge in kaartsje mei in persoanlik boadskip derop: 'Sterkte en succes gewenst, team Vlaggen Unie'.

De flagge-aksje yn Noard-Brabân waard opset nei't Deputearre Steaten fan dy provinsje de stikstofregel net fan tafel helle. Yn Fryslân wie dat lykwols wól frij gau klear nei't boeren harren hearre litten hawwe by it Provinsjehûs.

Op Twitter wurdt skreaun dat de Fryske flaggen massaal besteld binne by de Vlaggen Unie yn Drachten. Dat der in kaartsje by dien is, docht boer Iwan Zantvoort tige goed: "Kippenvel, die solidariteit. Zulke succeswensen, dat doet je echt goed.'

Iwan Zantvoort - Foto: Collin Beijk, Omroep Brabant

Op de webside fan Omroep Brabant is mear te lêzen oer de aksjes fan de Brabânske boeren.

(advertinsje)
(advertinsje)